h
ÚS FRYSLÂN

Foaropwurd

FOAROPWURD
Tiid om te kiezen foar belangen fan minsken!

Fryslân is yn beweging. Hieltyd mear minsken krije troch dat it sa net langer kin, dat de merkwurking net mear wurket, dat it tiid is foar in oare mienskip. Neffens de neoliberale teory soe merkwurking soargje foar mear konkurrinsje en dêrmei legere prizen en bettere kwaliteit. It tsjindiel docht bliken en dat sjocht elkenien alle dagen om him hinne: de kosten omheech gean en de kwaliteit giet allinnich mar efterút. In soad minsken wurde lilk en skoppe tsjin alles wat mei polityk te krijen hat. Dy lilkens is terjochte en hat de polityk oan himsels te tankjen. De SP knokt dêrom foar feroaring.

Minsklike weardichheid, lykweardigens en solidariteit binne de trije kearnwearden fan de SP, dy 't wy as mjitlatte brûke. It liket tsjintwurdich hast normaal dat wy inoar bestride yn stee fan gear te libjen en gear te wurkjen oan in maatskippij dêr 't elkenien mei dwaan kin en kânsen krijt. Ynkomensferskillen nimme ta, sosjale sekerheid nimt ôf. Fersoargingshuzen gean ticht, der is minder thússoarch, de wachtlisten yn de jeugdsoarch wurde hieltyd langer en ferpleechkundigen, húsdokters, plysjeminsken, jeugdhelpferlieners, leararen, bussjauffeurs, rekreanten, boeren en oare groepen hawwe gjin oare kar as aksjefieren, omdat it wetter harren oan de lippen stiet. Krekt no binne ús kearnwearden wichtiger as ea.

Wy hearre faak dat de provinsje gjin ynfloed hat op it regear, mar neat is minder wier. De Steateleden kieze de leden fan de Earste Keamer en is der yntinsyf oerlis mei ús Twadde Keamerfraksje. In grutte SP soarget derfoar dat de sosjale wissichheid wer oppakt wurdt en de púnbulten fan alle rjochtse regearingsperioades wer oanpakt wurde sille. In stim op de SP is in stim tsjin it grutskalige kapitalisme. It wurdt tiid dat provinsjes sels de sizzenskip pakke sille. Tiid om ôfskied te nimmen fan de lege gjalp “ dêr geane wy net oer ” of “ it is gjin kearntaak ”, want wy geane der wol oer!

Hanneke Goede

Listlûker SP Fryslân

10 desimber 2022

U bent hier