h
ÚS FRYSLÂN

Ta beslút

De ôfrûne fjouwer jier hat de SP al wichtige oerwinningen boekt:

  • Wy stiene oan de widze fan Fryslân as Reinbôgeprovinsje. Dêr makken wy ús al hurd foar yn de termyn 2015 -2019.
  • Der komme gjin datacenters yn ús provinsje. Dat wurdt juridysk fêstlein.
  • Fryslân is ambassadeur wurden fan Stichting Steenbreek.
  • Dêr wêr mooglik wurdt der yn maaie net meand.
  • Op inisjatyf fan de SP is in enkête útset ûnder de boeren, om te ynventarisearjen wêr ’t de knyppunten sitte yn de bedriuwsfiering en it oergean nei biologysk of natuerynklusyf buorkjen.
  • Der is in pilot sportbiblioteek opset (mei as útgongspunt de minima).
  • Bermen wurde ekologysk meand.
  • Der sil stikstof metten wurde by Fleanbasis Ljouwert, sawol foar de sluting, tidens de sluting (5 moannen yn 2023) en nei de sluting.
  • Der wurdt sjoen oft de boekjierren fan Thialf en de provinsje gelyk rinne kinne.
  • Der wurdt sjoen oft de boekjierren fan Thialf en de provinsje gelyk rinne kinne.
  • Troch it inijatyf fan de SP wurdt €5 miljoen fan de opbringsten fan Windpark Fryslân brûkt foar it isolearjen fan keapwenten foar minsken mei in ynkommen oant 130% fan it sosjaal minimum.

We ha de diskusje starten oer enerzjy en enerzjykoöperaasjes, wêrnei 't in inisjatyfútstel folgje moat om de koöperaasjes te stypjen en de enerzjyrekken omleech te bringen. Wy wolle de winsten werombringe nei de maatskippij. Thialf is in oar punt fan omtinken. Hjir giet in geweldich soad jild hinne. Jild dêr 't we in soad oare dingen mei regelje kinne.

Utstellen om de provinsje moaier en fearkrêftiger te meitsjen hat de SP mei yntsjinne. Wy meitsje ús hurd foar in robúste natuer, bioferskaat, skjin oerflaktewetter, mear beammen, previnsje foar jacht, it bistelibben (lykas de wolf en it damhert ), in heger grûnwetterpeil, ús Fryske lânskip, mear lytsskalige agrariërs, mar ek sosjale en betelbere wenningbou dêr wêr 't it kin, keapkrêft, earlike prizen en fergoedingen, ophâlde mei oanbesteegjen, personiel yn tsjinst nimme yn plak fan in bedriuw dat brûkt wurde kin, in eigen enerzjy bedriuw, in iepenbier ferfierbedriuw meitsje, sporte foar elkenien mooglik meitsje en it geliker lûken fan ynkommensferskillen.

In soad kinne wy sels binnen de provinsje oankaarte. Wêr 't dat net slagget, gean we yn oerlis mei gemeenten en de lanlike oerheid. Krekt de SP is de partij dy 't it ferskil meitsje kin om Fryslân leefber en berikber te hâlden, fanwege ús unike wurkmetoade dêr 't wy altyd it lûd fan de strjitte mei ophelje en fertolkje yn de Steaten.

Wy rinne net wei fan ús ferantwurdlikheid. Wy ha earder meibestjoerd en sille dit sa nedich wer dwaan. Mar net tsjin elke priis. Us kearnwearden: minsklike weardichheid, lykweardigens en solidariteit sille dêrby ek de wichtichste rjochtline wêze. As dat betsjut dat wy yn in bestjoersprogramma de leefberens fierder efterút gean sjogge, de berikberens fierder ferskrale sjogge en der karren makke wurde dy’t derfoar soargje de twadieling noch grutter wurdt en merkwurking en kapitalisme fierder om har hinne gripe, dan sille wy dizze perioade.

U bent hier