h
ÚS FRYSLÂN

Ús grûn

Lânbou en Greidefûgels

Dat de SP foar it beskermjen fan natuer is, betsjut net dat we tsjin boeren binne. Sterker noch: de SP wol mear boeren. Dat kin as de boer mei in lytser bedriuw ek in fatsoenlik ynkommen hat. Om dit te berikken is skaalferlytsing nedich, yn stee fan de opleine skaalfergrutting, dy 't ta skea giet fan boeren en de natuer, allinnich foar winst foar banken en grutte bedriuwen soarge hat.

De feesteapel moat krimpe en boeren moatte duorsumer produsearje kinne om minske, bist en natuer better te beskermjen. Lânbou en greidbuorkerij binne fanneed út harren foegen groeid, troch yntinsivearring en skaalfergrutting. Dat giet op kosten fan natuer en miljeu en fan it bistewolwêzen. De takomst fan de boeren stiet hjirtroch op it spul. It goed ynsetten fan de miljarden lânbousubsydzje smyt direkte klimaatwinst en sûne natuer op en makket lytsskalige earlike lânbou mooglik. Ek hjir soargje we derfoar dat it jild echt dêr komt wêr ‘t der werklik ferlet fan is en ferduorsuming garandearre is.

Dêrom wolle wy:

  • Dat boeren grûnbûn en sirkulêr wurkje;
  • Dat de boer in earlike priis krijt foar syn produkt;
  • Biologyske boeren, eventueel yn kombinaasje mei natuerbehear en / of lytsskalige rekreaasje;
  • Ophâlde mei it brûken fan gemyske keunstdong;
  • Ingelsk raaigers ferfange troch krûderike greiden; 
  • Mear blomme- en krûdestripen by greiden en maisfjilden del;
  • De greppels werom yn it lân;
  • It brûken fan pestisiden dy ’t skea oanbringe oan minske en natuer ferbiede;
  • Ophâlde mei bollenteelt op fruchtbere lânbougrûn;
  • Mear plas-dras om de greidefûgels hinne;
  • Wat de guozzeskea oanbelanget earst te sjen nei previntive maatregels;
  • Wylde katten fange en sterilisearje;
  • Skaadplakken yn it lân foar it fee tastean;
  • Dat de solitêre beammen ek yn greidefûgelgebieten stean bliuwe;
  • Mear omtinken foar it ferskil tusken de ûnderskate soarten boeren; biologyske, natuerynklusive en gongbere boeren produsearje en wurkje ferskillend;
  • It tal bunders itensbosken, sawol agrarysk as partikulier, fergrutsje;
  • Koartere lokale itensketens stimulearje, wêrtroch 't iten streekrjocht by de konsumint telâne komt (lykas in streekmerk of restaurant );
  • Werom nei lytsere / lichtere lânboumasines;
  • It grûnwetterpeil sa gau mooglik ferheegje;
  • Dat der goed sjoen wurdt nei boerebedriuwen. Frijwillich ophâlde kin altyd, twongen útkeap moat safolle mooglik foarkaam wurde en der moat altyd in mooglikheid ta ferpleatsing by komme.

U bent hier