h
ÚS FRYSLÂN

Ús rekreaasje

Toerisme, It Waad

Toerisme en rekreaasje drage by oan it wolwêzen fan minsken en moatte dêrom foar elkenien tagonklik wêze, mar mei nea ta skea gean fan de natuer of bistewolwêzen. In grut part fan de rekreaasje en toerisme fynt plak op de Waadeilannen en op it wetter. Wy moatte as provinsje in balâns fine tusken toerisme, rekreaasje en natuer.

Dêrom wolle wy:

  • Inisjativen dy ’t it ek foar de minima mooglik meitsje om rekreëarje te kinnen, stipe wurde;
  • Rekreaasje en toerisme moatte berikber en betelber wêze foar elkenien;
  • Lytsskalige rekreaasje, bygelyks by boeren, moat behâlden en stimulearre wurde;
  • Rekreaasje mei nea op kosten gean fan de natuer; dêrom bewarje wy de rêst en romte yn de natuer - en rekreaasjegebieten;
  • Ynvestearders dy ’t campings opkeapje en feroarje yn fakânsjeparken foar de riken wurde keard;
  • Kampearterreinen bliuwe behâlden foar de minsken mei lytse beurs;
  • Wy geane it keapjen fan in twadde hûs mei leechstân foar grutte parten fan it jier tsjin;
  • Der komt mear gearwurking mei de Waadferiening;
  • De provinsje sil de feartsjinsten sels eksploitearje, wy hâlde de merk stil;
  • Wy fiere fergees ov yn op de eilannen, sadat dy autolij wurde kinne;
  • De provinsje sil him hurd meitsje foar bettere berikberens fan de Waadeilannen en goede fargeulen;
  • Der komt in ferbod op gas- en sâltwinning yn de Waadsee of yn de Noardsee boppe it Waad;
  • Wy dogge der alles oan om de Unesco-wrâlderfgoedstatus te behâlden.

 

U bent hier