h
ÚS FRYSLÂN

Ús Fryslân

Mienskip, wolwêzen en sport

Yn in mienskip binne minsken it meast wichtich en net de winsten, de diken, de gebouwen, de ynstellingen of de regels. Dêrom fynt de SP dat ek de provinsjale oerheid der yn it foarste plak foar de minsken is.

Foar de SP steane de sûnens en it wolwêzen fan de minske sintraal. Ek hjir leit in taak foar de provinsje om elk doarp en elke buert berikber, leefber en duorsum te hâlden of te meitsjen. Hjirûnder falle iepenbier ferfier, breedtesport, duorsume wenningbou en fitale (lytse) kearnen.

Dêrom wolle wy:

  • Dat Fryslân in ynklusive provinsje bliuwt, dêr ’t hûdskleur, komôf, leauwen en seksuele foarkar net útmeitsje meie;
  • Dat de provinsje Doarpswurk en Duorsume Doarpen finansierjen bliuwt;
  • Doarpshuzen en wykgebouwen stypje (doarpshûzeregeling );
  • It Iepen Mienskipsfûns[1] struktureel ferheegje;
  • Organisaasjes lykas Zorgbelang, COC en Tûmba struktureel subsidiearje;
  • Dat de provinsje him aktyf ynsette sil om húsdokters, apoteken en oare soarchferlieners oan te lûken.
  • Dat húsdokters op it plattelân apoteekhâldend bliuwe
  • Dat de provinsje de breedtesport stipet. Der giet gjin jild mear nei topsport;
  • Dat ús sportbiblioteek yn de hiele provinsje ynfierd wurdt, wêrby ’t de minima finansjeel stipe wurde;
  • Dat de provinsje de oandielen fan Thialf ferkeapet, by foarkar oan de lanlike oerheid;
  • Thialf ferduorsumje en breder brûke (eveneminten en konserten );
  • Gjin simmeriis yn Thialf;
  • Earlike opfangplakken tusken gemeenten;
  • Romte foar lytsskalige opfang;
  • Gjin “spriedingswet” dy ’t dit net regelet.

[1] IMF, mooglikheid om jild oan te freegjen foar in boargerinisjatyf. Kin 3 x yn it jier ynskreaun wurde. Wurdt maksimaal 1 x it inisjatyf takend.

U bent hier