h
ÚS FRYSLÂN

Ús enerzjy

Enerzjy, Klimaat

De polityk hat de macht oer ús enerzjy ferkocht en oerlitten oan 'e merk. De enerzjyrekken wurdt hieltyd heger, wylst de enerzjymaatskippijen laitsjend ryk wurde fan ús jild. Dy macht pakke we werom.

Yn stee fan minsken oer te leverjen oan de winsucht fan de merk, sille wy as provinsje wer sels ús enerzjy regelje en sels de regels bepale. Wêr is koarte termyn ferlat fan en wat foar de langere termyn? Wêr wurdt enerzjy opwekke en wêrmei? Dat beslute wy mei-inoar. De hege enerzjyrekkens pakke wy as earste oan.

Dêrom wolle wy:

  • Dat enerzjy as basisferlet foar elkenien betelber en tagonklik wêze moat;
  • In Provinsjaal Enerzjybedriuw, wêrby ’t de winsten weromfloeie nei de mienskip;
  • Sinnepanielen op dakken en net yn de natuer. De provinsje folget dêrom de saneamde 'sinneljedder'[1] as it giet om duorsume enerzjy;
  • Gjin grutte wyn - en sinneparken op lân en yn de Waadsee;
  • De lokale opwekking fan duorsume enerzjy yn mienskipshannen; dus net yn hannen fan in grutte ynvestearder;
  • Dat doarpen de mooglikheid krije om doarpsmûnen te pleatsen;
  • Dat boerebedriuwen, yndustry en buerten dêr 't mooglik, njonken sinnedakken, ek ‘Grinzer wynmûnen’[2] (15 m) pleatse meie;
  • Dat wynmûnen in kleure wyk krije, om fûgel - en ynsektestjerte tsjin te gean. In sichtbere wyk soarget dat se der net mear tsjinoan fleane;
  • De opslach fan duorsume enerzjy stimulearje; lykas ynsette op akku’s en enerzjy op pykmominten omsette yn wetterstof;
  • Ynsette op waarmte troch akwatermy;
  • Enerzjyfergrieming en ljochtfersmoarging by bedriuwen en oerheden tsjingean;
  • De kapasiteit fan it stroomnetwurk fersterkje;
  • Gjin kearnsintrales yn Fryslân;
  • Gjin opslach fan kearnôffal of CO 2 gas yn de Fryske boaiem;
  • Gjin nije winning fan (skaly)gas en sâlt op Frysk grûngebiet en yn of boppe de Waadsee;
  • Gjin fracking.

[1] Sjoch ôfbylding op de lêste pagina

[2] Wynmûne fan 15m, dy 't hast net opfalt yn it lânskip.

U bent hier