h
ÚS FRYSLÂN

Ús ferfier

Mobiliteit & iepenbier ferfier

De SP sjocht it OV as basisfoarsjenning, mar de sizzenskip is ferkocht oan de merk. De ôfrûne jierren binne der yn it OV in soad buslinen skrast of strekt. De bussen ride minder faak en net mear troch kearnen hinne. Fêste linen wurde wiksele foar opstappers, linetaksys of de buertbus.

It OV moat foar elkenien berikber en betelber wêze. Wy pleitsje dan ek foar in Provinsjaal Ferfiersbedriuw, sadat wy as Fryske mienskip sels wer de macht hawwe oer ús ferfier, personiel earlik betelle krijt en der ynvestearre wurde kin yn (klimaatneutraal) takomstbestindich materieel, sûnder winstbejach en toerhege prizen foar in buskaartsje.

De auto sil yn Fryslân in wichtich middel bliuwe foar ferpleatsing. Wêr mooglik moatte oare wizen fan ferfier, lykas de fyts, OV en dielauto's, stimulearre wurde. It besteande wegenet moat foldwaande kwaliteit hawwe en der moat net besunige wurde op it ûnderhâld dêrfan.

Dêrom wolle wy:

  • Dat it Iepenbier ferfier yn provinsjale hannen komt;
  • Dat it Iepenbier ferfier foar elkenien berikber en betelber wurdt;
  • Dat yn elke doarpskearn in bushalte komt, sadat steds - en doarpssintra wer goed berikber wurde mei it iepenbier ferfier, wy draaie strekte linen werom;
  • Dat de tariven foar it iepenbier ferfier ferlege wurde;
  • Steds - en streekferfier fergees meitsje foar 65 +, 12 -, skoalbern dy ’t gjin rjocht hawwe op in OV-jierkaart en minsken mei in beheining;
  • De ferdringing fan reguliere banen yn it iepenbier ferfier stopje; dêr ’t banen binne, komme gjin frijwilligers; earlik lean foar wurk;
  • Oare wizen fan ferfier stimulearje, lykas fyts, iepenbier fferfier en dielauto's;
  • Net besunigje op it ûnderhâld fan it besteande autowegenet;
  • Transferia oan ’e râne fan ’e grutte kearnen en it autolij meitsjen fan ’e kearnen stypje;
  • De ûntwikkeling en útfier fan de Lelyline[1] earst kritysk folgje, mar steane wy der yn de basis posityf foaroer;
  • Stoppe mei it útruljen fan wenningbou tsjin de Lelyline, it ‘Deltaplan’[2];
  • Dat de provinsje Fryslân him fersetten bliuwt tsjin it rekkenriden, om ’t wy as plattelânsprovinsje ûnevenredich hurd rekke wurde;
  • Datst yn Fryslân oeral feilich kuierje en fytse kinst.
  

[1] Treinferbining fan Lelystêd, fia Emmeloord oer It Hearrenfean en Drachten, nei Grins en miskien nei Dútslân. Yn ruil foar €3 miljard fanút Den Haag foar de Lelyline, pleatst it noarden oant 220.000 huzen ekstra. Yn 2023 set in ûndersykskommisje útein oer it trasee.

[2] In wenningbouplan foar it noarden, wêrby 't oant 220.000 ekstra wenningen pleatst wurde yn de noardlike provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân.

U bent hier