h
ÚS FRYSLÂN

Ús hûzen

Folkshúsfesting, wenje

De troch de polityk oanrjochte wenkrisis treft ek Fryslân hurd. As SP wolle we mear bouwe nei ferlet, yn stee fan foar de winst. Sawol âlderein as jongerein wolle graach yn harren eigen stêd of doarp wenjen bliuwe en moatte dêr dan ek de mooglikheid foar krije. As SP wolle wy leafst ek ynwreidzje, dus wenten bouwe binnen de besteande bebouwing fan in stêd of doarp. Utwreidzje mei net op kosten gean fan natuer en lanlik karakter. Ek ûnteigenje wy net foar wenningbou.

Nije wenten wurde takomstbestindich en duorsum boud, wêrby 't wy foarkar jouwe oan sosjale wenningbou, starters en minima.

Dêrom wolle wy:

  • Prioriteit foar it bouwen foar jongerein, minima en starters (hier en keap );
  • Minimaal 40% sosjale hierwenningen, ek yn it leechste segmint;
  • Dat nije wenten takomstbestindich en duorsum boud wurde en as it mooglik is enerzjyneutraal mei lege enerzjyrekkens;
  • Dat ek besteande wenten feilich, skjin, duorsum en by foarkar enerzjyneutraal makke wurde;
  • It subsidiearjen fan it isolearjen fan besteande wenten prioriteit jaan;
  • De Fixteams[1] finasjeel stypje;
  • Dat minsken libbensloopbestindich wenje kinne yn har eigen wenomjouwing;
  • Soarchbuerthuzen yn elke kearn;
  • By foarkar ‘ ynwreidzjen ’ en net útwreidzje;
  • Unnedige leechstân tsjingean;
  • Selsbewenningsplicht om útrûpeljen troch húskemelkers foar te kommen;
  • By nijbou it lanlike karakter behâlde;
  • Kollektyf oanleine en bekostige sinnepanielen op alle gaadlike, oant no ta ûnbenutte dakken. De opbringst fan de panielen bygelyks brûke om huzen nei in heger enerzjylabel te bringen, te begjinnen mei de sosjale hiersektor;
  • Dêr wêr ’t fundearringsskea (troch pealrot, fersakking en lege grûnwetterstannen) ûntstien is oan huzen en pleatsen yn it feangreidegebiet, soargje dat de provinsje syn finansjele ferantwurdlikheid nimt om dat op te lossen;
  • Gjin wenningbou útrulje tsjin de Lelyline;
  • Sykje nei mooglikheden om monumintale gebouwen en beskerme doarpsgesichten te ferduorsumjen.
  

[1] Dêr 't enerzjycoaches fêststelle hoe 't in wenning enerzjysuniger makke wurde kin, fiere Fixteams dat út, troch mei lytse besparmaatregels de enerzjylêsten foar bewenners te ferleegjen.

U bent hier