h

Opposysje Fryske Steaten set rjochtsaak WOB fersyk Omrin troch

3 juli 2009

Opposysje Fryske Steaten set rjochtsaak WOB fersyk Omrin troch

Grienlinks, FNP en SP yn Provinsjale Steaten sette harren WOB fersyk oer geheimhâlden rapporten en korrespondinsje oer de REC fan Omrin troch. It brief wêrmei deputearre Adema de Steaten hjoed besiket del te bêdzjen ropt krekt noch mear fragen op en is sels reden om it sa nedich op in rjochtsaak oan komme te litten.

It brief fan Adema fan 3 july jout de yndruk dat de deputearre net fan doel is om it WOB fersyk fan de partijen te honorearjen, mar SP, FNP en Grienlinks wachtsje it formele berjocht yn de WOB-saak gewoan ôf. Johannes Kramer: ‘Wy litte ús net fan de wiis bringe troch opmerkingen yn in brief dy’t net oan ús rjochte is mar oan de hiele Steaten en dy’t boppedat al publyk makke is noch foar dat hy ús berikt hie. Wy sette de proseduere troch, sa nedich oant de rjochter ta.’

Neffens fraksjefoarsitters Johannes Kramer fan de FNP, Ad van de Kolk fan de SP en Irona Groeneveld fan Grienlinks lit Adema yn it brief sjen dat hy eins mar wat roppen hat doe’t hy it foar Omrop Fryslân TV hie om in fergelykbere ôffaloven dy’t yn Dútslân stean soe. No jout de deputearre yn syn brief ta dat hy dêrmei fout siet. Dy oven yn Dútslân bestiet hielendal net.

It hâlden en dragen fan de deputearre is neffens de partijen mei de oarsaak fan de grutte maatskiplike en politike kommoasje dy’t no ûnstien is. Yn stee fan de taseine transparânsje en iepenheid yn de prosedueres om de REC hinne wurdt de mist hieltyd dikker. De stellige yndruk ûntstiet dat publyk en polityk net fertrouwe kinne op de ynformaasje dy’t troch de Provinsje ferstrekt wurdt. En troch de frege ynformaasje net oan de Steateleden te jaan ûntstiet boppedat de yndruk dat de deputearre de Steaten net fertrout.

Troch it geheim hâlden fan ynformaasje foar de Steaten en it jaan fan ferkearde ynljochtings yn in televyzje-útstjoering, en dêrmei it sels fergrutsjen fan it foute byld dat ûntstiet, komt de fraach nei boppen oft Adema wol berekkene is op syn taak, sa stelle de fraksjefoarsitters. Dêrby komt de ûngewoan grutte maatskiplike opskuor, dy’t foar de folksfertsjintwurdigers reden is om it der net by sitte te litten. Neist it trochsetten fan de WOB-saak beriede de partijen har op fierdere politike stappen.

U bent hier