h

Verklaring Jacob W. van der Hoek

22 september 2010

Verklaring Jacob W. van der Hoek

Hieronder de verklaring zoals Jacob W. van der Hoek die heeft uitgesproken tijdens de tijdens Statenzitting van 22-09-2010 (met daaronder de Nederlandse vertaling):

Foarsitter,

De SP is yn it foarste plak in partij foar de minsken. Dat hâldt yn dat wij as partij yn de maatskippij oanwêzich wêze wolle, eart wij fertsjintwurdigjende rollen oppakke. Yn it gefal fan Súdwest Fryslân betsjutte dat, dat earst de ôfdieling op oarder wêze moast, eart wij oan de ferkiezings meidwaan koene.

Der is bot ynvestearre yn Súdwest Fryslân, troch de ôfdieling Snits, troch oare ôfdielings en troch in lanlik bestjoer. Mar bij eintsjebeslút moat dochs konkludearre wurde dat de ôfdieling gjin riedsfraksje drage koe. Dêrom is it beslút fallen om net oan de ferkiezings mei te dwaan. Dat is tige spitich, mar it heart bij de SP om it sa te dwaan, dat wit eltsenien binnen de SP.

Yn ús fraksje, dy’t fierders prima funksjonearre - der wie gjin sprake fan konflikt binnen de fraksje - yn ús fraksje hat dat ta in splitsing lieden, jimme hawwe dat yn ‘e media folgje kinnen. Richard Klerks hat syn steatesit opjûn. Ad van de Kolk en Enno Bruinsma binne út de fraksje stapt, alle trije hawwe se harren lidmaatskip fan de SP opsein. Ik stel dat fêst; ik bin it net iens mei de fong fan saken, mar sa leit it der hinne.

Graach hie ik jim meidield dat de SP-fraksje wer oanfolle wurde soe mei in opfolger fan Richard Klerks. Spitigernôch haw ik fêststelle moatten dat dyjinge dy’t oanspraak makket op dy sit ek gjin lid mear is fan de SP. Dat hâldt yn dat ik oant de ferkiezings de ienige fertsjintwurdiger fan de SP yn dizze seal wêze sil.

Tanke wol

(Voorzitter,

De SP is in de eerste plaats een partij voor de mensen. Dat houdt in dat wij als partij in de samenleving aanwezig willen zijn, voor wij vertegenwoordigende rollen oppakken. In het geval van Zuidwest Fryslân betekende dat, dat eerst de afdeling op orde moest zijn, voor wij aan de verkiezingen konden mee doen.

Er is flink geïnvesteerd in Zuidwest Fryslân. Door de afdeling Sneek, door andere afdelingen en door het landelijk bestuur. Maar uiteindelijk moest toch worden geconcludeerd dat de afdeling geen raadfractie kon dragen. Daarom is het besluit genomen om niet aan de verkiezingen mee te doen. Dat is erg jammer, maar het hoort bij de SP om het zo te doen, dat weet iedereen binnen de SP

In onze fractie, die verder prima functioneerde - er was geen sprake van een conflict binnen de fractie – in onze fractie heeft dat tot een splitsing geleid, jullie hebben dat in de media kunnen volgen. Richard Klerks heeft zijn Statenzetel opgegeven, Ad van de Kolk en Enno Bruinsma zijn uit de fractie gestapt en alle drie hebben zij hun lidmaatschap van de SP opgezegd. Ik constateer dat; ik ben het niet eens met de gang van zaken, maar zo staan de zaken er voor.

Graag had ik jullie medegedeeld dat de SP-fractie weer zou worden aangevuld met een opvolger van Richard Klerks. Helaas heb ik moeten vaststellen dat degene die aanspraak maakt op die zetel ook geen lid meer is van de SP. Dat houdt in dat ik tot de verkiezingen de enige vertegenwoordiger van de SP in deze zaal zal zijn.

Dank u wel)

U bent hier