h
ÚS FRYSLÂN

Ús oerheid

Finânsjes, ekonomy, bestjoer

De kommende jierren moat de provinsje goed sjen nei ynkomsten en útjeften. Der komt in weryndieling fan it Kultuerfûns oan, wêrby 't de kâns grut is dat Fryslân minder jild ûntfange sil út De Haach. Mei it rekkenriden ferdwine de opsinten by de ynkomsten en hjirfoar ferwachtet De Haach dat wy in oare ynkomsteboarne fine sille. De SP wol de rekken net dellizze by de ynwenners, mar dat De Haach de tekoarten kompinsearje sil.

Fryslân hat ferlet fan in earlik, transparant en goed kommunisearjend bestjoer. In bestjoer dat der ynearsten sit foar de Fryske ynwenners (ynkommen, sûnenssoarch, taal, kultuer, sport, musea, natuer, ov), folge troch it mkb (besteanswissichheid, lokaasjewissichheid, berikberens). De miljoenebedriuwen, dy 't ek in soad fan de subsydzje opsloarpje, rêde harsels wol. Al meie dizze fan de SP ek finansjeel mear betsjutte foar de provinsje.

De provinsje is yn de eagen fan de SP net foar de grutste razers of de dikste beurzen, mar foar ús, de ynwenners.

Dêrom wolle wy:

  • Der komt in provinsjaal fûns foar earmoedebestriding;
  • De besunigings op maatskiplike en natuerorganisaasjes wurde weromdraaid;
  • Bestjoerders fan ynstellings dy ’t subsydzje krije meie net mear fertsjinje as in ministersalaris; dogge sy dat wol, dan kin de subsydzje koarte of hielendal net jûn wurde;
  • As oandielhâlder fan û.o. Vitens, Wynpark Fryslân en Alliander, moat de provinsje meiprate yn it foardiel fan de Fryske ynwenner.
  • In provinsje heart gjin oandielhâlder te wêzen fan in sportakkommodaasje lykas Thialf. Dêrom ferkeapje wy dy oandielen;
  • Wy sette de opbringst fan wynmûnen yn foar de leefberens en it eigen ov;
  • Besteande yndustryterreinen wurde earst folboud ear ’t der oergien wurdt ta it tawizen fan nije yndustrygrûnen;
  • Alde(re) bedriuweterreinen wurde opknapt en ûnderhâlden. Dan is it oanlizzen fan nije bedriuweterreinen hast net nedich;
  • De provinsje jout ynwenners in stim fia in riejaand referindum;
  • Omwenners moatte fan it begjin ôf mear en better belutsen wurde by provinsjale plannen;
  • It wetterskip wurdt bestjoerlik ûnderbrocht by de provinsje.
  • It fasilitêr personiel komt wer gewoan yn tsjinst fan de provinsje;
  • Fryslân bliuwt in selsstannige provinsje.

U bent hier