h
ÚS FRYSLÂN

Ús kultuer

Fryske Taal, Erfguod

De Fryske taal is ien fan de twa erkende Rykstalen en de Fryske kultuer is in kultuer op himsels. De SP fynt it wichtich dat de Fryske taal in libbene taal bliuwt en dat de Fryske kultuer stimulearre wurdt. Wy wolle it brûken fan it Frysk op allerhande mêden befoarderje.

De SP fynt dat kultuer in wichtige drager is fan de Fryske identiteit. De stimulearring fan kultuer, muzyk en dûns, foaral de basis dêrfan, is fan essinsjeel belang. De provinsje moat dêr in wichtige rol yn spylje.

Ek hat Fryslân ferskate musea, dy 't ôfhinklik binne fan subsydzje. Dizze musea binne weardefol foar de ynwenner, mar ek foar de Fryske skiednis. As SP wolle wy der foar soargje dat dizze musea bestean bliuwe en tagonklik binne foar in breed publyk.

Dêrom wolle wy:

  • Wy behâlde en stimulearje it brûken fan de Fryske taal en kultuer en meitsje dat sichtber;
  • De Fryske taal, kultuer en sport wurdt op skoallen by de lanlike oerheid promoate;
  • Der komme fakdosinten, sadat elke skoalle goed Frysk ûnderwiis jaan kin;
  • De Fryske Akademy sil in wichtige rol spylje op alle tema’s dy ’t mei de Fryske taal en kultuer te meitsjen hawwe;
  • Wy fiere yn Fryslân in twatalenbelied (Frysk en Nederlânsk);
  • Wy stypje de wichtige Fryske musea om de Fryske skiednis te bewarjen;
  • Omrop Fryslân krijt foldwaande subsydzje;
  • Wy stimulearje de basis fan taal - en kultueruterings, lykas dûns, muzyk, toaniel ensfh.
  • De amateurkeunst wurdt stimulearre en subsidiearre; sûnder basis gjin top;
  • Der komt in oerkoepeljende gearwurking mei gemeenten, sadat learlingen op it mêd fan keunst, (pop)muzyk, dûns, ensfh., les krije kinne fan fakdosinten;
  • De provinsje nimt it foartou op it mêd fan taal, kultuer, ensfh.;
  • Wy behâlde en beskermje Frysk kultureel erfgoed, wêrûnder monuminten, en sprekke dêr ek de gemeenten op oan.

U bent hier