h
ÚS FRYSLÂN

Ús natuer

Omjouwing, bioferskaat, wetter

Natuer en bioferskaat binne hiel wichtich. We ha fer let fan diversiteit. Mei in soad ferskillende soarten planten, beammen, krûden, gerzen en blommen soargje wy foar in hiel soad iten oan ynsekten. Dizze ynsekten binne nedich foar bestowing, se binne de jiskemannen fan de natuer, iten foar de greidefûgels en dêrtroch in wichtige skeakel binnen de itensstring fan de minsk. Bioferskaat giet oer alle floara en fauna en dus net allinnich oer it planten-, beammen- en ynsektenlibben. De SP soe dan ek graach sjen dat der binnen de provinsje folle mear lânseigen krûden, blommen, beammen en planten siedde en plante wurde, sadat de lânseigen ynsekten ek mear en bettere kânsen krije. Njonken it oanplantsjen en siedzjen, wol de SP ek de betegeling tsjingean. Hoe minder tegels, hoe minder opwaarming fan de tegels ôf en hoe better it wetter ynfiltrearret yn de grûn.

 

Dêrom wolle wy:

  • Derfoar soargje dat alle bermen ynsiedde wurde mei lânseigen blommen en krûden;
  • Dat bermen fasearre en ekologysk meand wurde en wetter fasearre en ekologysk hikkele wurdt;
  • Mei help fan Stichting Steenbreek minsken bewust meitsje fan bioferskaat en fan it feit dat wetter dreech fuortrint yn in folslein betegele tún;
  • Dat der strangere regels komme foar it kappen fan beammen;
  • In werplantplicht foar oerheid, wnningbou, bedriuw en partikulier nei it kappen fan beammen;
  • De leeftiid fan de beam (CO2-opslach) liedend meitsje by werplant (by kappen fan in âlde beam mear nije, jonge beammen oanplantsje);
  • Mear lokaasjes frijmeitsje foar wetterberging, sawol by wetteroerlêst as foar in buffer yn de simmer;
  • De grûnwetterstannen dêr 't mooglik yn de hiele provinsje sa gau mooglik ferheegje, yn earste ynstânsje yn de feangreidegebieten;
  • Goed sicht hâlde op fersilting en soargje foar passende oplossings;
  • Mear gearwurkje mei de natuerorganisaasjes (lykas de Fryske Miljeufederaasje, Steatsboskbehear, Fryske Gea, Fûgelbeskerming, Bûn fan Fryske Fûgelwachten, - IVN Natuureducatie);
  • Dat alle previntive maatregels útfierd wurde, ear ‘t der oan jacht tocht wurdt;
  • Dat der troch de provinsje holpen wurdt by it tapassen en finansierjen fan wolfkearende maatregels, net allinne binnen oanwiisde wolvegebieten, mar ek dêrbûten;
  • In ferbod op plezierjacht;
  • Dat rekreaasje nea op kosten gean mei fan de natuer, dêrom hoedzje wy de rêst en romte yn de natuer - en rekreaasjegebieten;

U bent hier