h
ÚS FRYSLÂN

Ús yndustry

Lânbou Yndustry, bedriuweterreinene en stikstof

Fryslân hat ferskate soarten yndustry en bedriuwen, faak oanwêzich op de bedriuweterreinen neist stêden en doarpen. As provinsje hawwe wy ferlet fan bedriuweterreinen, wylst wy ûnderwilens ek sunich wêze moatte op ús omjouwing en it lânskip. Bedriuweterreinen moatte foldwaan oan regels en net ûnnedich útwreidzje.

Njonken lytsskalige yndustry op bedriuweterreinen is der ek gruttere yndustry binnen de provinsje, wurdt der gas en sâlt wûn en is der in militêre fleanbasis. Binnen de provinsje wurde troch yndustry en lânbou skealike stoffen útstjitten. De útstjit fan dizze stoffen moatte we sjen te beheinen.

Dêrom wolle wy:

  • Dat âlde(re) bedriuweterreinen opknapt en ûnderhâlden wurde. Dan is oanlis fan nije bedriuweterreinen frijwol net nedich;
  • Dat besteande yndustryterreinen earst folboud wurde foardat oergien wurdt ta it tawizen fan nije yndustrygrûnen;
  • By nije bedriuwen earst sjen oft dat bedriuw mearwearde hat foar de maatskippij en natuer;
  • Dat op bedriuweterreinen sirkulêr wurke wurdt;
  • Dat by nije, grutskalige yndustry earst ûndersocht wurdt oft dy oansletten wurde kin op it enerzjynetwurk;
  • Gjin nije blokkedoazen (lykas distribúsjesintra en sa);
  • Dat wenten foarrang krije boppe bedriuweterreinen as it giet om netwurkromte en bougrûn;
  • Soarchfâldich tafersjoch hâlde op de REC en oare gemyske yndustry;
  • By it redusearjen fan stikstof net allinnich sjen nei boeren, mar ek nei de yndustry;
  • Stikstofrjochten binnen ús eigen provinsje hâlde, mei maatwurk oan de provinsjegrins by ferkeap oan buorbedriuwen;
  • Gjin ferkeap fan Fryske stikstofrjochten oan de grutte útstjitters (wêrûnder / Lelystêd, TATA-Steel, Chemelot, Eemshaven, Maasvlakte, REC);
  • In ferbod op hannel yn emisjerjochten;
  • Skerp tafersjoch op yndustriële loazingen en oerbedonging;
  • Dat de fersmoarger betellet foar hegere wetterprizen. De priis fan skjin wetter wurdt hieltiten heger;
  • Gjin nije winning fan (skaly)gas en sâlt op Frysk grûngebiet en yn of boppe de Waadsee;
  • Gjin fracking;
  • Ferset tsjin de iepening fan fleanfjild Lelystêd;
  • De oerlêst fan Fleanbasis Ljouwert beheine;
  • De útstjit fan stikstof (sawol NH4 as NOx, dus ammoniak en fynstof, metaan, gniisgas en CO2) beheine;

U bent hier