h
Tiid foar rjochtfeardigens

Wenjen en leefomjouwing

De gemeente is yn earste ynstânsje ferantwurdlik foar de wenningbou. De SP wol dat de provinsje hjiryn in koördinearjende rol oppakt. By de wenningbou leit de SP prioriteit by de bou fan duorsume sosjale hierwenningen en keapwenningen foar starters. Ek ferduorsuming fan de besteande bou wol de SP befoarderje. Der moat boud wurde foar minsken yn alle ynkommensgroepen. Fierder pleitet de SP foar mjuksele wiken, sawol wat ynkommen, oplieding as eftergrûn oanbelanget. Mei each op de delgong fan de befolking kinne tydlike wenten (rap bybouwe, as romte frijkomt wer ôfbrekke en earne oars wer opbouwe) in rol spylje.

Alde(re) bedriuweterreinen moatte opknapt, ferduorsume en ûnderholden wurde. De SP wol gjin oanlis fan nije bedriuweterreinen salang’t der op âldere terreinen romte is. Dêrom moat it tawizen fan gebieten foar de ûntwikkeling fan dizze terreinen ek net oerhevele wurde nei de gemeenten, mar by de provinsje bliuwe. Konkurrinsje tusken gemeenten wurdt sa tsjingien en dêrmei ek leechstân, ferpaupering en lânskipsfersmoarging.

Foar de enerzjytransysje binne wyn- en sinne-enerzjy hurd nedich. De SP hechtet grutte wearde oan it karakteristike Fryske lânskip. De SP is har lykwols ek bewust fan de needsaak fan de enerzjytransysje. Dêrfoar kin it needsaaklik wêze om grutte wynparken oan te lizzen. Dêrneist is de SP grut foarstanner fan inisjativen fan ûnderop lykas de doarpsmûne fan Reduzum en lytse wynmûnen by (boere)bedriuwen.

It foar de fûst wei oanlizzen fan sinneparken kin it lanlike karakter oantaaste. Dêrom moatte sinneparken goed romtlik ynpast wurde en moat by de oanlis in goede ôfwaging makke wurde yn ferliking mei natuer en goeie lânbougrûn. Enerzjyopwekking tegearre mei lânbou soe hjir in oplossing wêze kinne.

It wichtichste is lykwols dat it bouwen fan grutte wyn- en sinneparken begjint by de omwenners. Hja binne de wichtichste belanghawwenden wat de SP oanbelanget. Sizzenskip en meidiele yn de opbringst (yndividueel en kollektyf) binne liedend. Minsken sizze net samar ‘nee’ tsjin datsoarte inisjativen, mar benammen omdat it harren oplein wurdt. Yn dit ferbân fynt de SP dat de mooglikheden om partisipearje te kinnen útwreiden wurde moatte.

Noch hieltyd binne der soargen rûnom de ôffaloven (REC) fan Omrin yn Harns. De SP fynt it wichtich dat de omjouwing goed ynformearre wurdt by steuringen en dat der betrouwen is yn de ôffaloven. Omrin, mei as oandielhâlders de gemeenten, hat hjiryn in grutte ferantwurdlikheid rjochting Harns. It ûndersyk dat de gemeente Harns útfiere lit nei sluting fan de ôffaloven folget de SP op de foet.

Resultaat oant no ta: Oansluting by de staasjejildalliansje. In deal mei wenningkoöporaasjes om fersneld harren besit ferduorsumje te kinnen. Finansjele stipe jûn oan it Netwurk Duorsume Doarpen (142 duorsume doarpen yn Fryslân). De buertmûne fan Hjerbeam is finansierd út it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy.

U bent hier