h
Tiid foar rjochtfeardigens

Omjouwingsfisy

De nije omjouwingswet set yn 2021 útein. Yn dat ramt ûntwikkelet de provinsje no al in omjouwingsfisy. Dy hat betrekking op al it belied op it mêd fan de fysike leefomjouwing. Tink hjirby oan ferkear en ferfier, wetter, miljeu, natuer, gebrûk fan natuerlike helpboarnen, lânbou, kultureel erfguod en sûnens. It is dus in soarte fan paraplu wêrûnder alle hjoeddeiske regeljouwing op dit mêd bondele wurdt. It hat dus gefolgen foar ferskate beliedsmêden. De SP stribbet dêrby nei in griene, sirkulêre ekonomy wêryn’t gjin enerzjy, grûn- en helpstoffen fergriemd wurde.

Yn de âlde sitewaasje waard it belied troch de provinsje bepaald, oare inisjativen krigen kwealik in kâns (“nee, of it moat wêze dat…”). Under de nije omjouwingswet wurde inisjativen “fan ûnderop” bepalend, de provinsje ferlient hjiroan yn prinsipe meiwurking (“ja, op betingst dat…”). De provinsje ûnderstipet, begeliedt en stimulearret sawol gemeentlike as partikuliere inisjativen. Dizze wurkwize wurdt troch de SP fan herte stipe. Oan ‘e oare kant sille we ek sjen moatte fan hokfoar regeljouwing ferlet is om Fryslân feilich, moai en skjin te hâlden. Oan ‘e iene kant om ûnwinske ûntjouwingen, lykas de oanlis fan sinneparken troch ûntwikkelers dêr’t allinne finansjeel gewin foarop stiet, tefoaren komme te kinnen. Oan ‘e oare kant om bygelyks konkurrinsje tusken gemeenten oer wenningbou of bedriuweterreinen tsjin te gean.

 

U bent hier