h

Tiid foar rjochtfeardigens

SP Fryslân, Ferkiezingsprogramma 2019 – 2023

Ynlieding

Minsklike weardichheid, lykweardigens en solidariteit. Dat wiene, binne en bliuwe de útgongspunten fan ús partij. It liket hjoed-de-dei hast gewoan dat we inoar bestride ynstee fan goed mei-inoar te ferkearen en mei-inoar te wurkjen oan in maatskippij dêr’t elkenien meidwaan kin en kânsen kriget. It kapitalisme en neoliberalisme hawwe der foar derfoar soarge dat wy yn in krisis telâne kamen. En it binne it kapitalisme en neoliberalisme dy’t derfoar soargje dat we hieltyd djipper sakje, as yn driuwsân. Wy wolle in provinsje mei in sosjaal gesicht wêze, in provinsje dêr’t it giet om de minsken dy’t der wenje.

It kabinet ropt lûd dat it folle better giet mei Nederlân. It CBS publisearret oer it tanimmen fan it tal miljonêrs. De ekonomy lûkt oan. Mar wat ek tanimt is de twadieling, de kleau tusken earm en ryk. Ynkommensferskillen nimme ta. Soarch, studearjen en wenjen wurde foar in soad minsken ûnbetelber. Sosjale wissichheid nimt ôf, fersoargingshuzen geane ticht, der is minder thússoarch en âlderein wurde ôfhinklik fan mantelsoarch. De wachtlisten yn de jongereinsoarch wurde hieltyd langer. Ferpleechkundigen, húsdokters, plysjes, jongereinhelpferlieners, learkrêften, bussjauffeurs en oare groepen hiene gjin oare kar as aksjefiere, omdat it wetter har oan de lippen ta stie.

Mar foar wa is de oerheid der? Foar grutte bedriuwen? Foar oare oerheden? Of is dy der foar de minsken?

Fansels kiest de SP foar dat lêste. Yn de provinsje, dy’t “fierder fan de minsken ôfstiet,” moatte de minsken dêr’t it om giet foarop stean. We wolle elkenien belûke by de plannen dêr’t de provinsje in rol yn spilet. Omwenners in stim jaan. We wolle dat de provinsje har (him) ynset foar goed en betelber wenjen. We wolle dat soarch foar elkenien berikber en betelber bliuwt. Gjin taak fan de provinsje? Dat mei nea in reden wêze om te sizzen: “Dan dogge we dat mar net.” Oerheden moatte krekt gearwurkje om mei maatskiplike opjeften om te gean. Dwaan wêr’t de ynwenners fan Fryslân ferlet fan hawwe, dát wolle we berikke.

De Nuonjilden, dêr’t de provinsje de ôfrûne sittingsperioade flink mei ynvestearre hat, reitsje stadichoan op. Dat hat ynfloed op de begrutting en op it tal minsken dat by de provinsje wurket. Neffens de SP moatte grutte maatskiplike opjeften, lykas enerzjytransysje, omskeakeling fan de lânbou, sirkulêre ekonomy (û.o. wergebrûk grûnstoffen, mar ek ferantwurde ûndernimme) en leefberens, foar lange tiid yn de begrutting komme. De ekonomyske ûntjouwing fan Fryslân moat dêrby yn it teken stean fan dy doelen.

De ôfrûne perioade hat de SP diel útmakke fan it kolleezje fan Deputearre Steaten, tegearre mei CDA, FNP en VVD. Foarôfgeand oan it meidwaan oan dizze koälysje hawwe we de mienskiplike ôfspraken, it koälysje-akkoart, foarlein oan de leden fan de SP. Foar har wiene benammen de keunstlessen, sprieding fan soarchfoarsjenningen, soarchbelang, duorsume lânbou, feangreidebehâld, feilige diken en gjin nije gasboarringen fan belang. Dêrneist binne der ek noch ôfspraken makke oer duorsumens, sosjale hierwenten, mear ynset op MKB en mear fytspaden. Fierder wiene it greidefûgellektoraat, it Iepen Mienskipsfûns en it Kânsefûns wichtige ûnderdielen. Us Deputearre hie miljeu, duorsumens, soarch en sport yn syn portefúlje: grien en sosjaal.

We hearre faak sizzen dat de provinsje gjin ynfloed hat op it regear. Neat is minder wier! As SP-fraksje hawwe we yntinsyf kontakt mei ús Twadde Keamerleden, dy’t we fertelle wat der spilet yn ús provinsje. Deputearren hawwe geregeld oerlis mei ministearjes. Ien fan de earste taken as steatelid is it kiezen fan de Earste Keamer! It is wichtiger dan ea dat we in soad SP’ers yn de Earste Keamer krije. Hja hawwe frijwat ynfloed op de plannen fan it kabinet.

We kieze mei ús ferkiezingsprogramma by guon ûnderwerpen bewust foar haadlinen, omdat de útwurking pas jûn wurde kin nei oerlis mei de omjouwing, de ynwenners, de minsken dy’t it oanbelanget. We wolle nammentlik net oer de minsken beslute, mar krekt mei harren. Dit jildt ek foar ûnderwerpen dêr’t we gearwurkje mei gemeenten, regio’s of oare partners.

U bent hier