h
Tiid foar rjochtfeardigens

Te’n lêsten

De wize wêrop ’t de provinsje bestjoerd wurdt moat neffens de SP oanslute by de belibbingswrâld fan ús ynwenners. Hja meitsje gjin ûnderskied tusken gemeente, provinsje of it ryk. Foar harren binne we de oerheid. Dat freget gearwurking tusken de ûnderskieden oerheden en in oare hâlding nei inoar. Maatskiplike fraachstikken lykas klimaat, bioferskaat en leefberens kinne allinne oplost wurde as we hjir tegearre mei alle partijen ús skouders derûnder sette. De provinsje kin dêr fan har kennis en kunde út in wichtige rol yn spylje. In provinsje dy’t sunich is op har personiel, wêr’t ferskaat wichtich is en ek minsken mei in beheining in plak hawwe. Topsalarissen fine we net passe by ús en dus ek net by de organisaasjes dy’t we stypje.

De provinsje is yn de eagen fan de SP net foar de grutste razers of de grouste beurzen. Rjochtfeardigens as liedend prinsipe foar in better Fryslân is wat we foar eagen hawwe. In duorsume provinsje dêr’t nimmen oan de sydline stean bliuwt. In ekonomy dy’t te’n goede komt oan elkenien. Koarsein: tiid foar in rjochtfeardich Fryslân.

Stim SP!

U bent hier