h
Tiid foar rjochtfeardigens

Maatskippij en wolwêzen

Krimp is noch hieltyd aktueel, ek al hearre we de hjoed-de-dei minder oer. Mar as it giet om leefberens is it saak om krekt yn de krimpgebieten oandacht te hawwen foar de (berikberens fan) foarsjenningen.

Ek fine we dat de provinsje hurd oan it wurk moat wat rap ynternet foar de hiele provinsje oanbelanget. By oanbieders moat de provinsje him hurd meitsje foar in goed dekkend gsm-netwurk.

Sport en bewege binne wichtich. Foar de sûnens, mar ek foar it wolwêzen. Hjirfoar is in goeie stipe fan ferienigingen fan belang, mar ek in goede ynrjochting fan de iepenbiere romte. Sport is foar elkenien wichtich, makket net út hokfoar âldens, ynkommen of lichaamlik tekoart. Topsport kin in ynspiraasje wêze om bewege te gean. Regionale trainingssintra en it Sintrum foar Topsport en
Underwiis stypje de talintûntwikkeling en meitsje dat de provinsje ynvestearret yn breedtesport. Grutte eveneminten yn Fryslân moatte foar elkenien frij tagonklik wêze.

Doarps- en buerthuzen binne wichtich foar de omjouwing. We wolle sjen oft dat fia it Iepen Mienskips Fûns in noch gruttere ympuls krije kin. Hielendal as we tawurkje wollen nei IT inisjatyf fan de SP op dit mêd: de soarchbuerthuzen.

Underwiis is gjin kearntaak fan de provinsje, mar de SP sjocht hjir wol in rol. Yn it ferline hawwe stimulearringsprogramma’s fan de provinsje út ek wurke, dus wêrom ôfskaffe wat goed wurket? It ûnderwiis hat it dreech, leararen stake net foar neat en de ynstream op Pabo’s is teloarstellend. Hjir kin de provinsje net omhinne en yn oerlis mei leararen moat der sjoen wurde wêr’t maatregels, jild of kennis helpe kinne. De provinsje biedt staazjeplakken oan foar learlingen fan it MBO.

Yn gearspraak mei gemeenten binne de ôfrûne sittingsperioade fan it kânsefûns út inisjativen stipe mei in bliuwend effekt. Alhoewol’t ynkommensstipe in gemeentlike taak is kinne we ús eagen net slute foar swierrichheden as oererving fan earmoede. As SP wolle we dat de provinsje har hjirfoar ynsetten bliuwt.

As Fryslân mietsje we diel út fan Nederlân, Europa en de wrâld, mei as ferbinende faktor de Global Goals fan de Feriene Naasjes. Dy 17 doelen ûnderskriuwt de SP.

Resultaat oant no ta: Mear oandacht foar sporten foar minsken mei in beheining. It kânsefûns hat foar €5 miljoen earmoedebestridingsprojekten finansierd. Swimbad De Welle yn Drachten (it iennige 50 meterbad yn it Noarden) kin troch in foarse Provinsjale bydrage bestean bliuwe.

 

U bent hier