h
Tiid foar rjochtfeardigens

Toerisme en rekreaasje

Toerisme en rekreaasje binne wichtich foar ús provinsje. Lytsskaligens is dêrby wat de SP oanbelanget de noarm. Der is in soad ynvestearre yn de wettersport. Wêr’t it noch tekoartsjit is lykwols it fuortsmiten fan ‘smoarch wetter.’ De ynhâld fan húskes giet te faak noch gewoan it wetter yn. We wolle hjir bettere foarsjenningen foar, mar ek mear hanthavening. Do wolst dochs net tusken de drits swimme?

It Fryske Marren Projekt hat folle miljoenen koste. De rest fan de provinsje en oare sektoaren hawwe lykwols te min oandacht krigen. Elke streek yn Fryslân hat syn eigen karakter, moaiens en mooglikheden. Tramlinen fan eartiids soene nei foarbyld fan de Behnbahn (yn Dútslân, Lúksemboarch en België) prachtige fyts- en kuierrûten wurde kinne. It mei bêst bekend wurde dat Fryslân ek in soad bosk hat, iepenloftmuseums, beamwâlen en elzesingels by prachtige paden del. De Tsjongervallei, it Drents-Fryske Wold, de terpen, Hylpen, It Bûtenfjild en de seedyk tusken De Lemmer, Harns en Lauwerseach. We hawwe safolle moais te bieden.

Resultaat oant no ta: Kulturele Haadstêd wie in feest dêr’t elkenien oan meidwaan koe en in soad minsken hawwe dat ek dien.

U bent hier