h
Tiid foar rjochtfeardigens

Ekonomy

Fierhinne alle ekonomyske modellen binne basearre op groei. De groeisifers binne faaks moai foar sittende kabinetten en oandielhâlders, mar fansels net hâldber. Neffens de SP is der ferlet fan in oare sjoch op ekonomy: in model wêrby’t wolwêzen foarop stiet ynstee fan wolfeart. In ekonomy dêr’t nea tekoart is oan basisbehoeften lykas soarch, ûnderwiis, demokrasy, ynkommen, iten en skjin wetter. In model dêr’t nea tefolle is oan ôffal, fersmoarging, útrûpeling, broeikasgassen en ûngelikens. Oersetten nei de provinsjale skeal betsjut dat: omwenners prate mei by it meitsjen en útfieren fan plannen, bedriuwen wurkje sirkulêr en duorsum, regionale sprieding fan bedriuwen is
wichtich en der fynt gjin ferkringing plak troch bygelyks frijwilligers of ‘wurkûnderfiningsplakken.’ Wurkje mei respekt foar minske, natuer en omjouwing.

Lokale keatlingen binne ek hjir, lykas by de lânbou, fan grut belang. Sa ûntlûke grutte (ynternet)bedriuwen gjin jild oan de lokale ekonomy, mar bliuwt it yn de eigen omjouwing.

Resultaat oant no ta: Omslach nei sirkulêre ekonomy. Oars tinke oer grûnstoffen en ôffal. It útrûpeljen fan izerflechters oan de kaak steld.

U bent hier