h
Tiid foar rjochtfeardigens

Gas- en sâltwinning

De SP is tsjin fierdere gaswinning yn Fryslân. It ryk hat hjir lykwols it lêste wurd oer. As it dan dochs bart, fynt de SP dat de eksploitant fan it oanbelangjende fjild him hâlde moat oan it Frysk Manifest dat de Fryske oerheden opsteld hawwe oer gas- en sâltwinning (ûnder oaren goeie ynformaasjefoarsjenning, nulmjittingen, omkearde bewiislêst, ôfhanneling skea). Ek foar oare foarmen fan mynbou, lykas sâltwinning, moat de eksploitant him hâlde oan it Frysk Manifest. De tapassing fan geotermy wolle we allinne as dat feilich en ferantwurde bart.

Resultaat oant no ta: Us SP deputearre hat tegearre mei alle Fryske gemeenten it Frysk Manifest tsjin nij gas- en sâltwinning opsteld en nei Den Haach brocht: omkearde bewiislêst, foar kompinsaasje en maatregels foarôf as der dochs gaswinning plakhat. De SP Steatefraksje hat mei de wurkgroep LAAT FRIESLAND NIET ZAKKEN in netwurk fan aksjegroepen mei helpe oprjochtsjen en meardere aksjes organisearre, wêrûnder in grutte aksje (“SamenTegengas”) yn Harns tsjin Frisia en Vermilion.

U bent hier