h
Tiid foar rjochtfeardigens

Grutskalige enerzjyopwekking

Njonken de Mienskipsenerzjy sille we ek yn de takomst grutskalige opwek sjen yn ús provinsje. In provinsjaal ‘nee’ tsjin nije wynmûnen soarget derfoar dat we ús ambysje om yn 2050 duorsum te wêze net heljen gean. Gemeenten of ynwenners dy’t hjirmei te set wolle moatte de romte krije om, binnen in oantal rânebetingsten lykas hjirûnder omskreaun, mei plannen te kommen. Njonken grutte wynturbines moat ek de romte foar lytse wynmûnen folslein benutte wurde.

Yn Fryslân is op inisjatyf fan de SP in foar foar draachflak ûntwikkele: by enerzjy-inisjativen mei grut romtlik effekt wurdt de omjouwing belutsen neffens it ‘Sinnetafelprinsipe,’ dat wol sizze: tegearre mei omwenners, inisjatyfnimmers, bedriuwen, miljeuorganisaasjes en enerzjyspesjalisten om tafel gean en besjen binne in sykgebiet op hokker lokaasje krekt en ûnder hokfoar betingsten in inisjatyf te realisearjen is. Sizzenskip en ynfloed oan de foarside fan it proses foarmje dêrby de basis. Ekonomyske motiven fan de ûntwikkelders kinne liede ta ûnwinske sitewaasjes. Wolle we akseptaasje fan grutskalige enerzjyopwekking behâlde dan moatte net de winsken fan bedriuwen liedend wêze, mar maatskiplike akseptaasje.

Dêrnjonken wol de SP in provinsjaal enerzjybedriuw oprjochtsje om as provinsje sels (duorsume) enerzjy opwekke en leverje te gean. Wêr mooglik slute we oan by ‘Energie van Ons’ (foarhinne ‘Noordelijk Lokaal Duurzaam’). Net allinne om as organisaasje sels enerzjyneutraal te wurden. In provinsjaal enerzjybedriuw kin yn de eagen fan de SP in soad neidielen dy’t de hjoeddeiske merkwurking mei har meibringt fuortnimme. Eventuele winsten kinne wer ynvestearre wurde yn de omjouwing en ferdwine net yn de bûsen fan grutte ûntwikkelers.

Resultaat oant no ta: Foar sinneparker yntroduksje fan it Sinnetafelprinsipe: tegearre mei omwenners wurdt besprutsen wêr’t in sinnepark past en ûnder hokker betingsten; net de projektûntwikkeler bepaalt mar de omwenners. Twaris safolle kompinsaasje en mear foarsoarchmaatregels by wynpark Nij Hiddum Hou. It Sinnetafelprinsipe jildt no ek foar nije wynparken. De ôffaloven REC yn Harns is ûnder lieding fan deputearre Schrier feiliger wurden, technyske ferbetteringen binne trochfierd, meardere boetes binne oplein om de REC te twingen. Spitigernôch kinne we de ôffaloven neffens de wet net slute mar de deputearre hat der binnen syn fermogen alles úthelle. De winst út dielnimming fan de provinsje yn Wynparrk Fryslân wurdt brûkt foar fierdere ferduorsuming.

 

U bent hier