h
Tiid foar rjochtfeardigens

Enerzjykoöperaasjes

In rapport fan de Noardlike Sosjaal Planburo’s lit sjen dat krekt yn Fryslân minsken har ferantwurdlik fiele foar harren eigen omjouwing. Net foar neat hat Fryslân de measte enerzjykoöperaasjes, dêr’t minsken sels de ferduorsuming yn ‘e hân nimme en rendeminten weromgean nei de mienskip. Mienskipsenerzjy. Oft it no giet om de oanlis fan sinnegreiden of sinnedakken, lykas yn Garyp, of om de ambysje om in folslein doarp enerzjyneutraal te meitsjen, lykas yn Wynjewâld. Ek wyn kin in ûnderdiel wêze om de eigen omjouwing duorsum te meitsjen. De SP fynt dat de provinsje in wichtige rol spylje kin yn it stypjen fan dizze koöperaasjes. De Enerzjywurkpleats spilet hjir in wichtige rol troch har kennis en advys. Sa kin kennis better dield wurde en fersnelle we de enerzjytransysje. De kommende perioade wolle we in fierdere professionalisearring fan de stipe oan koöperaasjes. Yn it foarste plak om bestjoeren fan enerzjykoöperaasjes goede finansjeel helbere plannen ûntwikkelje te litten, dy’t telâne kinne by it Provinsjale enerzjyfûns (Fûns Skjinne Fryske Enerzjy).

Resultaat oant no ta: Stipe jûn oan de Enerzjywukpleats Fryslân.

U bent hier