h
Tiid foar rjochtfeardigens

Klimaat

Yn Parys is ôfpraten dat de opwaarming fan de ierde yn 2050 net mear is as twa graden. De lêste ûndersiken litte sjen dat we stribje moatte nei net mear as oardel graad opwaarming. Dit hat grutte gefolgen foar hoe’t we omgean mei hoe’t we wenje, ús ferfiere en libje. De útkomst fan Parys wurdt op ’t heden ferwurke yn in nasjonaal klimaatakkoart. Doel is om yn 2030 de helte minder CO2 út te stjitten as yn 1990.

Fia de koepels fan gemeenten (Vereniging Nederlandse Gemeenten), wetterskippen (Unie van Waterschappen) en provinsjes (Interprovinciaal Overleg) is it oanbod dien oan de lanlike oerheid om fia regionale enerzjystrategyen dizze doelstelling te heljen. Fan ûnderop sil wurke wurde oan de oplossingen, wêrby’t ek it ryk finansjeel en wat regeljouwing oanbelanget oan de lat stiet. It is in maatskiplike opjefte dy’t we tegearre oplosse moatte, mei alle oerheden, de netwurkbehearder, wenningkoöporaasjes, bedriuwslibben en ús ynwenners. Nederlân is ferdield yn likernôch tritich regio’s, dêr’t Fryslân der ien fan is. Neffens de SP is gearwurking tusken al dizze partijen needsaaklik. Dêrby wurde kennis en ekspertize bondele yn netwurkorganisaasjes wêrby’t elkenein út de eigen rol, taak en ferantwurdlikens wei syn ynbring hat. Neffens de SP moat de provinsje dêr in koördinearjende en gearbringende rol spylje. Dizze transysje is in opjefte dy’t langer duorret dan ien kolleezjeperioade en freget byhearrend belied en finansjele middels.

Foar de SP is de enerzjytransysje gjin technysk probleem, mar mear in maatskiplike opjefte. De SP fynt it wichtich dat elkenien de mooglikheid hat om mei te dwaan. Wêrby’t net allinnich minsken mei in grouwe beurs harren hûs ferduorsumje kinne, mar elkenien profitearret, sawol yn in legere enerzjyrekken as yn meiprate oer duorsume plannen yn de eigen omkriten. Klimaatrjochtfeardigens stiet wat de SP oanbelanget foarop!

Resultaat oant no ta: Miljeubelied wêrby’t strang hanthavene wurdt en net de ekonomyske belangen fan de bedriuwen foargean. In Fryske enerzjystrategy dy’t omfoarme wurdt ta in regionale enerzjystrategy om yn Fryslân yn 2030 49% CO2 te besparjen. De provinsje Fryslân nimt gjin sjoemelstream mear ôf. Doelstelling foar in enerzjyneutrale provinsjale organisaasje. Der is in monitor enerzjytransysje Fryslân opsteld.

U bent hier