h
Tiid foar rjochtfeardigens

Natuer en lânbou

Fryslân hat ferskate lânskippen dy’t allegear harren eigen kwaliteit hawwe; tink bygelyks oan it iepen klaaigebiet yn It Bilt, it lânskip mei houtwâlen yn de Fryske Wâlden of de bosken op de súdeastlike sângrûnen. De SP hechtet wearde oan dit ferskaat. Lânbou en feehâlderij mei net op kosten gean fan miljeu, natuer en bistewolwêzen. De SP stribbet dêrom nei in sitewaasje dat lânbou en natuer mei inoar ferweve binne. Fansels passe yn dizze fisy gjin megastâlen of oare grutskalichheid, lykas yndustriële dongfergisters yn it bûtengebiet.

Om it bioferskaat te fergrutsjen is yn de lânbou in echte omslach nedich: fan grutskalige lânbou nei oan de grûn bûne, natuerynklusive – by foarkar biologyske – lânbou. De greiden fol mei Ingelsk raaigers jouwe gjin romte oan blommen en krûden. Tegearre mei de lege wetterstannen puttet dit de boaiem út. Der wurdt mear gers produsearre dan wêr’t de feehâlderijen ferlet fan hawwe en it bioferskaat wurdt lytser, tink bygelyks oan de efterútgong fan de ynsekten. De SP fynt dat de boaiem net útputten wurde moat, sadat ek neikommende generaasjes de grûn noch brûke kinne. Dêrom moatte we ek ynsette op mear gerslân mei in grut ferskaat oan krûden en heger grûnwetterpeil. Dit hegere grûnwetterpeil moat as earste realisearre wurde yn it feangreidegebiet. Troch de hjoeddeiske lege wetterstannen klinkt de feanboaiem fluch yn en dêrmei wurdt ek in grutte poarsje CO2 útstjitten. Dit pakke we tegearre mei de boeren oan. Dêrmei wurde tagelyk stappen setten om de greidefûgelproblematyk oan te pakken.

It is needsaaklik om de macht fan grutte bedriuwen lykas suvelprodusinten en taleveransiers tsjin te gean. Hja hawwe tefolle ynfloed op de bedriuwsfiering fan (grutte) boerebedriuwen. Lokale koöporaasjes fan bou- en molkfeebedriuwen kinne lokale keatlings foarmje fan produksje en ôfset.

It Waadgebiet is in kostber en unyk natuergebiet. De SP set har yn foar behâld en beskerming fan dit gebiet en is tsjin mynbou, lykas de winning fan sâlt, gas en oalje ûnder de Waadsee. We wolle yn Fryslân ek gjin rekreative jacht op bisten. Plestik en swerfôffal hearre net thús yn de natuer, dit moat yn gearwurking mei de natuerorganisaasjes tefoaren kaam en bestriden wurde.

Fryslân is en bliuwt in Fair Trade provinsje. Earlike hannel, in goede priis en takomstperspektyf binne net allinnich wichtich foar produkten dy’t fan fier komme, lykas bananen, mar ek foar wat hjir produsearre wurdt.

Resultaat oant no ta: Finansjele stipe ûndersyk Teunis Piersma (greidefûgels). €3 miljoen ekstra foar duorsume lânbou. Omslach yn fisy op lânbou: fokus op sirkulêr, biologysk. Nei Utrecht twadde Fair Trade provinsje fan Nederlân.

 

U bent hier