h
Tiid foar rjochtfeardigens

Maatskippij en Soarch

In resint ûndersyk fan de trije Noardlike Sosjaal Planburo’s lit sjen dat de Friezen ús provinsje gaadlik fine om yn te wenjen en te wurkjen. Opfallend ferskil mei ús buorlju is dat Friezen harsels mear ferantwurdlik fiele foar harren wen- en wurkomjouwing. It hjoeddeiske kolleezje hat it leechdrompelige Iepen Mienskipsfûns (IMF) foar lytsskalige inisjativen ynsteld. Sjoen de positive rol dy’t dat fûns spilet wol de SP dêrmei trochgean.

Foarsjenningen steane ûnder druk. In skoalle dy’t ferdwynt of in winkel dy’t slút, gjin húsdokter mear tichteby of in bus dy’t net of net sa faak mear rydt – soksoarte dingen hawwe grutte ynfloed op de leefberens. It binne swierrichheden dy’t ynearsten troch gemeenten oanpakt wurde moatte. Neffens de SP kin de provinsje dêr lykwols ek in rol yn spylje. Dat kin bygelyks troch subsydzjes te ferlienen of op oare wizen te stypjen; tink oan kennisdieling, lobby of begelieding.

De provinsje is net ferantwurdlik foar de soarchfoarsjenningen yn Fryslân, mar de SP fielt har wol belutsen. Fanwegen kwaliteitseasken en soarchkosten stiet de sikehûssoarch ûnder druk. De SP stelt gearwurking boppe konkurrinsje en merkwurking. Foar de SP is it wichtich dat ynwenners belutsen wurde by de sprieding fan de soarchfoarsjenningen yn Fryslân. Yn ‘e mande mei de belutsen partijen wurkje we oan it berikber meitsjen fan soarchfoarsjenningen foar elkenien. Dêrby stypje we noch hieltyd fan herte it inisjatyf “Nationaal Zorgfonds.”

Resultaten oant no ta: De SP hat har ynsetten foar goede berikbere soarch, mei ynspraak fan bewenners. De knyppunten yn de berikberens fan de soarch hat de provinsje oppakt, ûnder oaren mei in kampanje om húsdokters te sykjen, mar ek troch it ynstellen fan in transysjefûns wêrtroch húsdokters harren praktyk takomstbestindich meitsje kinne. Fan it IMF út binne inisjativen fan ûnderop finansiere en fan it Netwurk Duorsume Doarpen út binne mienskippen oan ‘e slach gien.

U bent hier