h
Tiid foar rjochtfeardigens

Jongereinsoarch

Hieltyd faker hearre we dat bern yn Nederlân ta de lokkichste bern yn de wrâld hearre. Nederlânske bern fiele har sûn, hawwe in posityf selsbyld en hawwe genôch tiid en mooglikheden foar ûntspanning. It ûnderwiis yn Nederlân is ien mei fan de bêste yn de wrâld. Mar ek yn Fryslân libje in soad bern yn langduorjende earmoede, neffens in ûndersyk fan it Frysk Sosjaal Planburo. Yn 2015 is de ferantwurdlikens foar de jongereinsoarch fan de provinsje oergien nei de gemeenten. De swierrichheden fan de desintralisaasje binne by de gemeenten en jongereinsoarchwurkers oer it stek goaid. Lanlik fjochtet de SP foar bettere jongereinsoarch, wêrby’t it rjocht op soarch en it ferminderjen fan de ferskillen tusken gemeenten op it mêd fan jongereinsoarchbelied de wichtichste punten binne. We sjogge ek neidielige gefolgen fan merkwurking yn de jongereinsoarch. Fan minsklike weardichheid út kinne we as provinsje net ús eagen slute as it giet om it wolwêzen fan “ús” bern.

Resultaat oant no ta: Fan it Kansefûns út is de organisaasje “kindpakket” ûnderstipe. Tegearre mei de Fryske gemeenten binne sport- en kultueraktiviteiten beskikber steld foar bern dy’t yn earmoede libje. De fraksje hat har hjir tegearre mei helpferlieners en jongereinsoarchynstânsjes sterk foar makke.

U bent hier