h
Tiid foar rjochtfeardigens

Fryske taal en kultuer

De SP soe it muzykûnderwiis graach regele sjen mei alle gemeenten yn ‘e mande mei de provinsje. In soarte fan Marrekrite, mar dan foar keunst, (pop)muzyk, dûns, ensfh. Sadat learlingen yn harren frije tiid wer les krije kinne fan in fakdosint, dy’t dêr in goed stik brea mei fertsjinje kin. Sûnder basis gjin top. Om dat berikke te kinnen is it yn it foarste plak needsaaklik dat amateurkeunst stimulearre wurdt.De SP fynt it wichtich dat de Fryske taal in libbene taal bliuwt en dat de Fryske kultuer stimulearre wurdt. De SP wol it brûken fan it Frysk op allerhanne mêden befoarderje. Omrop Fryslân, de Afûk en de Fryske Akademy spylje dêr ek in wichtige rol yn, lykas it twa- en trijetalich ûnderwiis. De SP fynt dat de provinsje ek op dat mêd finansjele stipe jaan moat.

Keunst- en kultuerûnderwiis bûten de skoaloeren om binne yn de ôfrûne jierren yn heech tempo fuortbesunige troch gemeenten. Der wurdt net folle mear fasilitearre en finansierre troch gemeenten. It oanbod is hiel bot ferskrale, dus yn it generaal binne kultuerlessen net mear foar elkenien berikber en betelber. Ek foar dosinten is it hast net mear mooglik om in behoarlik bestean te heljen út it útoefenjen fan harren fak.

De SP soe it muzykûnderwiis graach regele sjen mei alle gemeenten yn ‘e mande mei de provinsje. In soarte fan Marrekrite, mar dan foar keunst, (pop)muzyk, dûns, ensfh. Sadat learlingen yn harren frije tiid wer les krije kinne fan in fakdosint, dy’t dêr in goed stik brea mei fertsjinje kin. Sûnder basis gjin top. Om dat berikke te kinnen is it yn it foarste plak needsaaklik dat amateurkeunst stimulearre wurdt.

Yn 2018 is in soad bard. Us provinsje hie in soad eveneminten, festivals, iepenloftspullen, muzykútfieringen, tentoanstellingen, ferhalen en neam mar op. Dit mei net foar ien kear in oplibbing wêze fan in sektor dêr’t sa swier op besunige is en wurdt. Meitsje jild frij om inisjativen út 2018, lykas “ûnder de toer,” “sirkus Adje” of “CityProms” in ferfolch te jaan (de saneamde Legacy). Dêr’t fan ûnderop de moaiste dingen ûntstien binne mei fan boppenôf dochs gjin rem op setten wurde?

Resultaat oant no ta: Werikering kulturele basisynfrastruktuer, sadat subsydzejild earliker omparte wurdt. Senario 3 is útwurke wat it kultuerûnderwiis oanbelanget (trochgeande learlinen muzykûnderwiis, binnen en bûten de skoaloeren).

 

U bent hier